Gefang: kultuer net definityf

Oer in jier definityf beslút
De tydlik ferhier fan de Blokhúspoarte jout de gemeente de kâns nei te tinken oer de takomst fan it gebou. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. De âld-finzenis wurdt de kommende tiid beheard troch it Grinzer bedriuw CareX, dy't der kultuer yn hawwe wol. Neffens Crone betsjut dat net dat it gebou ek definityf in kulturele bestimming krijt.
Oer in jier nimt de gemeente definityf in beslút oer de takomst fan de Blokhúspoarte.