Cambuur net te sjen by Omrop

08 aug 2008 - 15:20

Omrop Fryslân mei sneon gjin bylden útstjoere fan Veendam - SC_Cambuur. Fanwege in konflikt mei produksjebedriuw Eyeworks kin de Omrop net oer de bylden beskikke.

Der is noch wol oerlis tusken de belutsen partijen, Omrop Fryslân, Cambuur, de earste divyzje en Eyeworks. As dat neat opsmyt, mei de Omrop it hiele seizoen gjin bylden sjen litte. Omrop Fryslân Radio mei wol live Cambuur ferslaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)