Wiete waar min foar rispinge

08 aug 2008 - 14:36

De nôtrispinge yn Fryslân leit fier achter by de rest fan Nederlân. Oeral is al sawat 60 persint fan it lân helle, mar yn Fryslân is dat noch mar 2 oant 3 persint.

De lette rispinge komt troch al it reinwetter fan de lêste dagen. Dêrtroch is it ûnmooglik om mei in combine op it lân te kommen. It moat earst in pear dagen droech bliuwe, foardat dat wer kin. Elke dei dat it wiet is, wurdt de kwaliteit fan it nôt minder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)