Flatsjes-yn-oanbou fernield

08 aug 2008 - 10:27

Ynbrekkers ha tongersdeitenacht yn Boalsert foar in gaos soarge yn in appartemintekompleks yn oanbou. De dieders kamen yn seis apparteminten. Der waarden ynterkomtillefoans en termostaten stellen. Fierder waard in kraan iependraaid, wêrtroch't in soad wetterskea ûntstie.

Der is ek mei sierpleister smiten en putdeksels, ôffierpipen en elektra waarden fernield. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)