Fertochte karre mei haspel

08 aug 2008 - 10:24

Yn Stiens binne tongersdei twa manlju oanhâlden. Plysjes seagen by in tankstasjon yn Froubuorren in auto mei karre mei in grutte haspel derop. Se giene der achteroan. Op de Brédyk yn Stiens gie de auto it hiem fan in pleats op en ried troch in hage de wei wer op. In eintsje fierderop fleach de haspel fan de karre en ferlear de sjauffeur de macht oer it stjoer. Twa binne oanhâlde, in tredden is útnaaid. De plysje tinkt dat de haspel stellen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)