Tinteferhierder beneidiele

08 aug 2008 - 10:10

In tinteferhierbedriuw yn Skearnegoutum is slachtoffer fan fertsjustering. Foar in feest wiene by it bedriuw in partytinte, in biertaap en trije fetten bier ophelle. It guod soe de 27e werombrocht wurde. Doe't it der op 2 augustus noch net wie, gie de eigner fan it bedriuw op ûndersyk út.

Op it adres fan it ferhierkontrakt wenne in oar. De eigner fan it ferhierbedriuw hat oanjefte dien. It giet om in giel-wite tinte fan 9 by 5 meter mei in wyt dak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)