CBR siket nije eksaminatoaren

07 aug 2008 - 19:17

It kostet it CBR grutte muoite om nije eksaminatoaren te finen. Sels advertinsjes yn ferskate kranten hawwe neat opsmiten. Dat betsjut dat de hjoeddeiske eksaminatoaren ekstra hurd wurkje moatte om te soargjen dat de wachtlisten foar in rydeksamens net noch grutter wurde. Op it stuit is de wachttiid yn trochsneed sân wike. Dat mei neffens it CBR net noch mear wurde. It CBR komt dêrom mei in grutte wervingskampanje mei spotsjes op radio en ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)