Snitswike slút yn mineur ôf

07 aug 2008 - 19:15

Op de lêste dei fan de 73ste Snitswike waard der net mear syld. It waar liet it tongersdei net ta. En dat betsjut dat de stân fan woansdei einstân wurden is. Fan 17 fan de 34 klassen bleau de haadpriis yn Fryslân.

In greep út de Fryske priiswinners: Tammo_Oosterhof yn de Laser, Jan_Makkinga Laser master, Jacobus_de_Vries Olympiajol, Jens_Jongsma Flits A, Erik_van_der_Meer 12foetsjol, Tom_Otte Yngling, Onno_Yntema Valk, Siep Jan_Wiersma 30m2 en Jaap_Jongsma 16m2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)