Lykspul foar Jong Oranje op OS

Jong-a-Pin spile de hiele wedstriid
It Jong Oranje fan Foppe_de_Haan hat tongersdei de earste wedstriid op de Olympyske Spelen mei 0-0 lykspile tsjin Nigearia. Beide ploegen krigen kânsen, mar wisten de goal net te finen. Hearrenfean-spiler Calvin_Jong-A-Pin begûn yn de basis, Gerald_Sibon foel yn de twadde helte yn.
Tsjinfaller foar Foppe_de_Haan wie de reade kaart dy´t Evander_Sno oan de ein fan de wedstriid krige. Ek it troch in blessuere útfallen fan Roy_Makaay wie in domper foar De_Haan.