Plannen Harns Westerseedyk

07 aug 2008 - 16:32
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Harns komt nije wike mei grutte plannen foar it gebiet Westerseedyk. Dat gebiet wurdt opnij ynrjochte en tiisdei sil de gemeente bekend meitsje wat der krekt komme kin.

Sa wurdt der ûnder oaren praat oer de komst fan in grut hotel, rekreaasjewenten en it ferbetterjen fan de camping yn it gebiet. Ek komt der mooglik in aktiviteitesintrum oer it Waad.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)