Oppakt foar ferbean wapenbesit

07 aug 2008 - 11:00

Yn Ljouwert is woandei in 21-jierrige man út de stêd oanhâlden fanwege ferbean wapenbesit. De man waard op de Aldlânsdyk oanhâlden troch de plysje, omdat er oan it bumperkleven wie en omdat er te hurd ried.

Doe´t de plysje him nei syn papieren frege, seagen se in alarmpistoal yn it dashboerdkastje lizzen. En op de flier by de byridersstoel lei in mes. De man moast mei nei it buro, de wapens binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)