Histoarysk Sintrum rint goed

07 aug 2008 - 10:45

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat dit jier fjouwer kear safolle besikers as ferline jier. Belangrykste reden dêrfoar is dat it sintrum no yn in nij gebou sit. It gebou oan de Grienewei is folle grutter as it âlde pân oan de Grutte_Tsjerkestrjitte.

Hast 9000 besikers komme benammen foar de eksposysje 'Het verhaal van Leeuwarden'. Boppedat hat it histoarysk sintrum him ek oansluten by tal fan aktiviteiten, sa as de stedskuiers en it preamfarren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)