Priiskaartsjesjoemeler oppakt

07 aug 2008 - 10:40

De plysje hat woansdeitemiddei yn in winkel oan de Nijstêd yn Ljouwert in man oanhâlden foar oplichterij.

Befeiligingsmeiwurkers hiene sjoen dat de man orizjinele priiskaartsjes fan klean ferwiksele foar priiskaartsjes mei in leger bedrach. De befeiligers skeakelen de plysje yn en dy hat de fertochte meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)