Ned. rekord Anna Jet Leyenaar

Anna Jet Leyenaar (foto:pbholland.com)
Fierljepster Anna Jet Leyenaar fan Snits (15) hat trije dagen foar it Frysk kampioenskip in nij Nederlânsk rekord sprongen. Woansdeitejûn yn Drylts ljepte se 15.70 meter. Dat wie in ferbettering mei 15 sentimeter fan it âlde rekord fan Sjoukje Tjalma út 2005. Leyenaar ljepte har rekord yn de earste finalesprong.
By de topklassers wûn Thewis Hobma mei 19.28. Jacob Scherjon wie de bêste by de junioaren mei 18.38. Hans Ulco de Boer wûn by de jonges mei