Wjelsryp wint de Freule

06 aug 2008 - 20:56

It partoer fan Wjelsryp hat woansdei de "Filla fan de Freule" wûn. It partoer wie yn_it_foar al favoryt en makke dy rol no wier. Jelmer_Hofstee, Paulus_Yde_Walda en Jouke_Bosje wûnen foar harren doarp sa de belangrykste keatswedstriid foar jonges fan 14 oant 16 jier.

Yn de finale fersloegen se sûnder problemen it partoer fan Jelsum-Koarnjum mei Gosse_Beeksma, Piter_Postma en Rutger_Bijlsma mei 5-1 en 6-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)