Twadde Amerikaan foar Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalferiening Aris út Ljouwert hat syn twadde Amerikaanske spiler binnenhelle. It giet om de 23-jierrige Keith_Spencer. De 2 .03 meter lange spiler kin op beide forward-posysjes út ´e fuotten. Hy spile de ôfrûne jierren foar de University_of_Texas yn San_Antonio. Spencer hat in kontrakt foar ien jier tekene.
Yn july hat de Amerikaan Matt_Bauscher ek in kontrakt tekene by Aris.