Ekstra jild foar sportjeugd

06 aug 2008 - 18:25

Sportferienings yn de gemeente Wymbritseradiel kinne ekstra jild krije foar jonge leden. De gemeente lûkt 32.000 euro út om benammen bern fan ûnder de 18 oan it bewegen te krijen. De ferienings krije foar al dy leden in jierlikse bydrage fan 9 of 16 euro.

It giet benammen om minder populêre sporten, lykas silen, damjen of karate. De sportclubs kinne har oanmelde by de gemeente foar de subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)