Dûkers sykje bewiis stekpartij
Dûkers fan de plysje hawwe yn ´e wyk Camminghabuorren yn Ljouwert nei it wapen fan in stekpartij socht. Dêrby waard dit wykein in 28-jierrige Ljouwerter delstutsen. De plysje hat in 18-jierrige plakgenoat oanhâlden. Dy hie yn de Havingastate spul krige mei it slachtoffer en him in tal kearen stutsen.
It slachtoffer leit slim ferwûne yn sikehûs MCL yn Ljouwert. De fertochte sit fêst. Wa´t mear ynformaasje hat kin dat trochjaan oan de plysje.