Noch gjin soargen oer Epke

06 aug 2008 - 11:39

Trainer Gerard_Speerstra makket him noch gjin soargen oer turner Epke Zonderland. Zonderland fielt him net 100% en turnde woansdei op de lêste training ek net in geweldige oefening. Hy is wat ferkâlden, hat lêst fan in jetlag en ek fan krinten om it kin, oftewol ´krentenbaard´..

Zonderland turnt sneon foar in plak yn de finale fan de rekstok op de Olympyske Spelen yn Peking. Allinnich de bêste acht gean dêrhinne. Speerstra hat der noch alle betrouwen yn dat it goed komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)