Jonge mishannelet plysjefrou

06 aug 2008 - 11:08

De plysje hat tiisdeitenacht yn Snits in jonge (19) út Heemstede oanhâlden foar mishanneling fan in plysjefrou. De plysjes fûnen de jonge lizzend op strjitte. Hy prate_der_raar_yn_om, nei alle gedachten omdat er tefolle dronken hie.

Doe´t se op in sike-auto stiene te wachtsjen, kaam de jonge oerein en stompte er de frou yn it gesicht. Dy hat oanjefte tsjin him dien. De jonge is nei it sikehûs rekke, omdat er mooglik in alkoholfergiftiging hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)