Himpkwekerij yn Stiens

06 aug 2008 - 10:59
Foto: Omrop Fryslân

Yn in hûs oan de Slachtedyk yn Stiens is tiisdei in himpkwekerij ûntmantele. De plysje hie in tip krigen. Doe´t de plysjes derhinne giene om te sjen, fûnen se yn in keamer 261 himpplanten. Dy binne yn beslach naam en ferneatige.

De bewenner is meinaam nei it buro. Hy hat in prosesferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)