Proefrit: auto yn de brân

06 aug 2008 - 10:47

Yn Stynsgea is tiisdei in auto ûnferkeapber rekke, doe´t by in proefrit brân ûntstie. De eigner hie mei de potinsjele keaper in testritsje makke. By it omskeakeljen fan gas nei benzine ûntstie brân yn it motorkompartiment.

De brânwacht fan Droegeham hat it fjoer útmakke. De auto rekke sa bot fernield dat er net mear ferkocht wurde koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)