Himp fûn yn maïsfjild
Yn in maisfjild oan de Ivigeleane yn Loaijingea binne tweintich himpplanten ûntdutsen. De eigner fan it fjild hie twa minsken opdracht jûn om krieën út it fjild wei te jeien. De twa fûnen njonken de fûgels ek de himpplanten.
De eigner fan it maisfjild hat oanjefte dien fan it yllegale plantsjen fan de himp.