Man ferwûnet ien mei hyt fleis

06 aug 2008 - 10:44

Yn Snits is tiisdeitenacht in 37-jierrige man út de stêd oanhâlden fanwege mishanneling. De man woe in ytgelegenheid yn de Kruizebroederstrjitte yn, mar dy wie ticht. Der waarden allinne bûtendoar broadsjes ferkocht.

De man waard lulk doe´t er tsjinhâlden waard. Hy smiet in skaal mei hyt fleis en fet om. In meiwurker fan de hoarekasaak krige dat oer him hinne en rûn brânwûnen op oan syn earm. De fertochte is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)