Hearrenfean wint oefenwedstriid

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean hat tiisdeitejûn yn Beetstersweach in oefenwedstriid tsjin it Grykske Xanthi mei 2-1 wûn. It wie foar de Feansters de tredde oerwinning op rige. Mar echt maklik gie it net. Hearrenfean wie foar it skoft de bettere ploech en skoarde doe fia Danijel_Pranjic en Paulo_Henrique.
Nei it skoft wienen de Griken better. Mar fierder dan ien tsjintreffer kamen se net. Pranjic, Breuer en Janmaat hellen fanwege blessueres de ein fan de wedstriid net.