Warskôging foar swimmersjokte

05 aug 2008 - 12:01

Wetterskip Fryslân nimt alle fjirtjin dagen wettermeunsters by swimplak De Vlinderslag yn Wolvegea. Swimmers klagen dêr ferline wike oer swimmersjokte.

Slakken binne nei alle gedachte de oarsaak fan de ynfeksje dy't bekend stiet as swimmersjokte. It ûndersyk nei de oarsaak moat earst klear wêze foardat de GGD konklúzjes lûke kin. Der stean warskôgingsbuorden by it swimplak en dy bliuwe it hiele seizoen stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)