Trouwe op 08-08-08

05 aug 2008 - 11:13

Achttjin stellen sille no freed trouwe yn 'e gemeente Ljouwert. De reden is de bysûndere datum fan 08-08-08, 8 augustus 2008. Gewoanwei trouwe freeds yn Ljouwert yn trochsneed fiif stellen. Om de pearkes te trouwen wurde alle sân bûtengewoan amtners fan de boarglike stân ynskeakele. Der binne sels twa amtners by dy't freed fjouwer stellen trouwe sille.

Minsken dy't trouwe wolle op 09-09-09 (9 septimber 2009) kinne harren melden fan 10 septimber ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)