Brân yn wente yn Wolvegea

05 aug 2008 - 09:58

Yn Wolvegea hat yn 'e nacht fan moandei op tiisdei brân west yn in wente oan de Zilverlaan. Dêrby is de 54-jierrige bewenster oanholden omdat se mooglik wat te krijen hawwe soe mei de brân.

It fjoer is nei alle gedachten ûntstien yn 'e foarkeamer. De brânwacht hie it gau ûnder kontrôle. Earst wie der noch sprake fan dat de bewenster yn it hûs wie, mar al gau die bliken dat dat net it gefal wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)