Spektakel by silerij Snitswike

It publyk folget de silerij fan tichtby
Spektakel moandei by de silerij op de Snitsermar. Hurde wynfleagen soargen foar net te foarsizzen situaasjes. As gefolch dêrfan sloegen guon silers om. Sels twa betûfte silers út de Reinbôgeklasse koene de boat net oerein hâlde en giene om.
In pittige wedstryd dus foar de silers fan de Snitswike. Foar tiisdei binne de waarberjochten wer better.