KWS krijt trainingssintrum

04 aug 2008 - 21:58

It nije kylboattrainingssintrum op it Starteilân yn Snits is hast klear. Moandei waarden de papieren tekene foar de oerdracht fan it sintrum oan de nije eigner, de KWS. In septimber sil yn it hypermoderne sintrum út ein set wurde mei it trainen fan jonge syltalinten en wedstrydsilers.

Ek coaches, wedstrydlieders en sjueryleden krije dêr training. It nije kylboattrainingssintrum is boppedat bedoeld om it silen te promoaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)