Tryater siket mûtsebreidsters

© Omrop Fryslân
It keunstnersduo Ykje en Durk siket minsken dy't in mûtse breidzje wolle. It is bedoeld foar in reizgjende foarstelling fan Tryater. It selskip giet yn ferbân mei it 100-jierrich bestean fan de feriening Fryske Alvestêden by de 11-stêden del.
Tryater spilet dan in stik fan tolve oeren op lokaasje. De 24.000 mûtsen moatte it echte 11-stêdegefoel werjaan en wurde brûkt yn de foarstelling. De bysûnderste mûtse krijt in priis. Yn de sjuery sit in UNOX-topman.