Frou mei skootmobyl te wetter

© Omrop Fryslân
Yn Drachten is sneintemiddei op it Kyriat_Onoplein In 50-jierrige frou út dat plak mei har skoobmobyl yn it wetter rekke. Se hie problemen mei it stjoer fan de skootmobyl en rekke sa út de koers.
Twa omstanners hawwe de frou út it wetter helle. Personiel fan de ambulânse hat har ûndersocht, mar se mankearre neat en is dêrnei troch de ambulânse thúsbrocht.