Fytser fan sneldyk helle
De plysje hat sneintejûn in 17-jierrige fytser fan de sneldyk A6 by De Lemmer helle. De jonge wie op fytsfakânsje en ûnderweis nei freonen dy't op in camping stiene. Syn rûte gie oer de sneldyk en dêr waard er troch in omstanner fan 'e dyk helle.
De plysje hat him by de ôfslach fan De Lemmer it goede paad wiisd.