Dútske winst yn Seisbierrum

© Omrop Fryslân
It Dútske Hamburger_SV hat krekt as yn 2006 it frouljusfuotbaltoernoai fan AVC yn Seisbierrum wûn. De finale fan it twadaagse toernoai, tsjin de Nederlânske kampioen AZ einige yn in lykspul. De Dútske froulju namen de strafskoppen better.
Ek de striid om it tredde plak moast mei penaltys beslist wurde. It_Hearrenfean naam se better as it Ingelske Watford. AVC einige sels as njoggende.