Durk Fabriek wint Otterlo

© Omrop Fryslân
Durk Fabriek hat sneon de skeelerwedstriid foar de 'World on Wheels' kompetysje yn Otterlo wûn. Foar de 22-jierige ynwenner fan It Hearrenfean wie it de earste grutte oerwinning by it skeelerjen. Yn de rein wie Fabriek de rapste yn de einsprint fan in seis man sterke kopgroep. Willem Hut fan Grins (earder Haulerwyk) waard twadde, Arjan Mombarg út Vorden waard tredde.
Yn it klasemint is Fabriek no klommen nei it twadde plak achter Gary Hekman.