Hearrenfean wint fan Falkirk

02 aug 2008 - 22:06
Foto: Omrop Fryslân

SC_Hearrenfean hat in oefenwedstriid tsjin FC_Falkirk mei 4-0 wûn. Yn Bûtenpost spile Hearrenfean net oertsjûgjend, mar joech it ek gjin kânsen fuort.

Nei fjouwer minuten waard it 1-0 troch in eigen doelpunt fan McNamara. Yn de 58ste minút makke Paulo_Henrique de twadde goal. Donovan_Deekman skoarde yn de lêste tsien minuten noch twa kear.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)