Jong Oranje spilet lyk: 1-1

© Omrop Fryslân
It Jong Oranje fan bûnscoach Foppe_de_Haan hat sneontemiddei mei 1-1 lykspile tsjin Ivoarkust. By it skoft stie de ploech fan De_Haan mei 1-0 foar troch in goal fan Ajasyd Urby_Emanuelson. Krekt nei it skoft skoarde Yao de lykmakker.
Hearrenfean-spiler Calvin_Jong-A-Pin spile de hiele wedstriid mei. Roy_Beerens en Gerald_Sibon foelen yn de twadde helte yn. Tongersdei spilet Jong Oranje de earste wedstriid foar de Olympyske Spelen tsjin Nigearia.