8 man rêden fan flot op Waad

02 aug 2008 - 14:14

De rêdingsboat fan It Amelân hat fannacht 2 flotten mei dêrop in auto en in karavan fan it Waad helle. Op de beide flotten sieten 8 manlju. De flotten sieten oanelkoar fêst, mar troch de hurde wyn rekken de flotten los fan elkoar en dreaunen útelkoar.

Fia in GSM-tillefoan waard de kustwacht alarmearre, dy't de KNRM ynskeakele. Dy hat de flotten úteinlijk nei de wâl lutsen. De manlju kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)