Oane Galema wint fierljeppen

© Omrop Fryslân
Mei in sprong fan 19.70 meter hat Oane Galema fan It Heidenskip freedtejûn it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. Hannes Scherjon fan Noardburgum waard 2e mei 19.49 meter . By de junioaren wûn Jacob Scherjon fan Burgum mei 18.18 meter.
Anna Jet Leyenaar fan Snits wie de bêste by de froulju mei 15.10 meter. By de jonges wûn Folkert Heida fan Haskerdiken mei 16.49 meter.