Soad oertredings op it wetter

© Omrop Fryslân
By kontrôles op it wetter hat de plysje freedtejûn 72 skippers blaze litte. Acht fan harren wiene ûnder ynfloed en waarden meinommen nei it buro foar in analyze. Uteinlik hiene seis dêrfan echt tefolle dronken en krigen dus in proses-ferbaal.
Der waarden by de kontrôle ek noch 25 bonnen útskreaun foar oare saken, lykas it net hawwen fan in faarbewiis, te hurd farren of it ûntbrekken fan in brânblusser. Foar lûdsoerlêst waarden 52 warskôgings útdield.