Snelheidsduvels oan 'e kant

© Omrop Fryslân
By Holwert is justermiddei it rydbewiis fan in 22-jierrige man út Maartensdijk ynnommen, omdat hy mei 139 kilometer yn 'e oere oer de Grandyk ried. Op dat plak is 80 de maksimumsnelheid.
Op de Lauwersseewei by Rinsumageast koe in 28-jierrige Dokkumer syn rydbewiis ynleverje. Hy kaam mei 150 kilometer op de teller by in snelheidskontrole del en dat wie 50 te hurd.