Ljouwerters ferwûne yn Oerisel

02 aug 2008 - 11:47

In echtpear út Ljouwert is freed by in ûngelok by Dedemsvaart ferwûne rekke. De twa waarden yn de auto oanriden troch in man út Lutten. Dy stuts de dyk oer, mar hie net sjoen dat der in oare auto oankaam.

By de botsing rekken alle 3 minsken ferwûne. De man út Lutten moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)