Kompjûters better beskermje

02 aug 2008 - 11:14

Bedriuwen en partikulieren dogge te min om har kompjûters te beskermjen tsjin kriminelen. Dat seit it Snitser bedriuw Snakeware. Freed waard in 19-jierrige jonge út Snits oppakt foar it betinken fan in metoade om kompjûters te kreakjen. De Snitser waard oppakt doe't er dat netwurk foar 25.000 euro ferkeapje woe oan in Brazyljaan.

Bedriuwen en partikulieren soene faker har software update moatte, sawol de basis-software as it emailprogramma, omdat dat ek brûkt wurdt troch kreakers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)