Snoekc beneamd ta Pan-skipper

01 aug 2008 - 22:08

Foarsitter Hugo Snoekc fan de Koninklijke Watersportvereniging Sneek is freed beneamd ta Schipper in de Orde van de Sneker Pan. Snoekc krige de ûnderskieding by de start fan de Snitswike. De gemeente Snits set al sûnt 1954 immen yn it sintsje dy't in soad betsjut foar de wettersport.

Snoekc is net allinne aktyf by de wettersportferiening, hy hat him bygelyks ek ynset foar it opknappen fan it Starteilân en hat in soad dien foar it Splash- en Ynglingsilen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)