Utspraak ferkrachting Eastrum

© Omrop Fryslân
Der liket nije wike lang om let in definitive útspraak te kommen yn it proses tsjin in ynwenner fan Grins. De man wurdt der fan fertocht yn desimber 2006 in famke út Eastrum fan doe 13 jier ferkrachte te hawwen.
Freed waard der foar de achtste kear in sitting oer de saak hâlden. Dêryn waard dúdlik dat it DNA dat op it famke fûn waard oerienkomt mei dat fan de man. It kin lykwols net as bewiis brûkt wurde omdat twa prosint fan de manlju it selde DNA-profyl hat.