Fertsjustering net te sjen

01 aug 2008 - 13:49
Foto: Omrop Fryslân

De sinnefertsjustering wie freed yn Fryslân troch de berûne loft net goed te sjen. Tsientallen minsken hiene harren sammele by de Folksstjerrewacht yn Burgum om it natuerferskynsel te oanskôgjen.

Fan healwei âlven ôf waard de sinne bedutsen troch in part fan 'e moanne. In oere letter wie it hichtepunt.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)