Fraksjefoarsitter GL hâldt op

01 aug 2008 - 11:00

De fraksjefoarsitter fan Grienlinks yn Snits, Corrie Dam, leit har wurk del. Yn in brief oan de boargemaster en de oare fraksjefoarsitters skriuwt se dat se har riedswurk net mear goed kombineare kin mei har oare wurksumheden.

Dam siet sûnt 2001 yn 'e Snitser gemeenteried. Angeline Kerver nimt har taken oer. Corrie Dam bliuwt noch wol aktyf yn 'e Grienlinks-fraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)