Syktocht nei drinkelingen

01 aug 2008 - 10:44

Twa minsken binne tongersdeitenacht by Starum fan harren skip sprongen, neidat it skip losslein wie. Dêrnei dreau it skip nei in sânbank en gie oer de side.

De melding kaam ek binnen by de plysje. Dy is doe mei de rêdingsboaten fan Starum, Hylpen en De Lemmer in syktocht begûn. De twa waarden úteinlik oantroffen op de Stationweg. Se wiene opfongen troch in ynwenner fan Starum. Dy hat se droege klean en in bakje jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)