Wichter kommersjeel sukses

De wichter smakket 'pittich swiet'
Produkten fan it âlde promke de wichter priuwe sa goed dat it in kommersjeel sukses wurde kin. De ôfrûne moannen is in merktest hâlden mei sjerp en sjem fan de wichter. Omt minsken dêr sa entûsjast op reagearden wol stifting Wrâldfrucht besykje it fruchtje op'e merk te setten ûnder de namme Wâldpyk.
De wichter is in promke dat eins allinnich yn de Wâlden foarkomt. Neist sjem en sjerp wurdt ynkoarten ek wichter-wyn makke.