Fryske hynder Keje wurdt opset

Yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert kinne besikers fan tichtby sjen hoe't foar it earst in Frysk hynder opset wurdt. Yn it iepen atelier fan it museum wurket preparateur Chris Walen oan it opsetten fan de hynst Keje fan 'e Kilewier.
De preparaasje fan de hûd fan de hynst is al klear. De preparateur wurket no oan in keunstlichem. De Fryske hynst is fan oktober ôf te sjen yn it nije Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld.